1-5: Royal Friesian Redbad + ynfo einopdracht

WOLKOM BY FRYSK

Royal Friesian



1 / 15
next
Slide 1: Slide
New lesson editorFryskMiddelbare schoolhavo, vwoLeerjaar 2

This lesson contains 15 slides, with text slides.

time-iconLesson duration is: 50 min
Report this lesson

Items in this lesson

WOLKOM BY FRYSK

Royal Friesian



Wa wie de earste professionele froulike reedrider?


-Atje Keulen - Deelstra


Nei dizze les:



  • hasto mear leard oer Redbad, kening fan de Friezen


  • hasto ynformaasje krigen oer de einopdracht by Royal Friesian

Redbad - wa wie hy?

Fries Museum Leeuwarden

o/m febrewaris 2027


Redbad

Wy lêze de tekst oer Redbad op side 40, meitsje de opdrachten dy't derby hearre:


Side 39: mearkaropdrachten oer de tekst



Redbad - de antwurden

  1. a

  2. c

  3. d

  4. Heidensk is: net gelovich / net doopt

  5. Redbad waard om it jier 680 hinne keing fan de Friezen.

Redbad

Meitsje yn twatallen


Side 41: opdracht mei ynfoltekst

tekst side 41

“Kening Redbad wie de kening fan ’e Friezen yn ’e sande en achtste iuw. Fryslân wie doe folle grutter. It gebiet dat doe Fryslân wie, rûn hielendal fan België oant Denemarken ta. De Friezen hienen de stêd Dorestêd yn harren besit. Sy hienen dizze stêd ferôvere fan in oar folk, nammentlik de Franken. De Friezen en de Franken reitsje yn oarloch. Ûnder lieding fan kening Redbad ferlieze de Friezen de grutte stêd Dorestêd en hast hiel Fryslân komt yn hannen fan ’e Franken. Mar letter, as de kening fan ’e Franken ferstjert, slagget it Redbad noch ien kear om Dorestêd werom te winnen.



tekst side 41


Mar dan wurdt de Fryske kening sels âld en min. Redbad kriget dan besite fan Wulfram. Dy man besiket de Friezen oer te heljen om Kristlik te wurden. De Friezen leauwe yn dy tiid nammentlik yn in oar soart goaden: natuergoaden. In heidensk leauwen. Wulfram wol dat Redbad him oanslút by de God fan ’e Kristenen, krekt as de Franken. Redbad moat him dope litte troch Wulfram. Mar Redbad hat noch ien fraach; sil hy syn famylje dan sjen yn ’e himel? Nee, seit Wulfram. Dyn famyljeleden wienen net Kristlik en do silst harren dan ek net sjen yn ’e himel. Dan beslút Redbad dat hy net doopt wurde wol.”



Einopdracht: oer in ferneamde Fries


  • Individuele opdracht

  • Kies in Fries

  • Kies ien fan de opdrachten

  • Sykje nei ynformaasje -> skriuw de boarnen op!

  • Sjoch goed nei de easken fan de opdracht

  • Ynleverje by dyn dosint


Tarieding foar de opdracht:

Mindmap Dizze kinst foar alle Royal Friesian brûke!


Skriuw wurden op dy't passe by de persoan, tink oan:

persoanlik (libbensferhaal);

wenplak;

wurk/karriêre;

hichtepunten of djiptepunten yn it libben fan de persoan;

wêrom is dit in ferneamde Fries;

wêrom kenne wy dizze persoan no noch?






Tarieding foar in de opracht:

Wêr kinst ynformaasje fine?


  • ynternet: Google / Wikipedia

  • bibliotheek: boekjes / magazines oer Fryske persoanen

  • museum (Redbad - Fries Museum / Eise Eisinga - Planetarium)

  • omjouwing dêr't dy persoan wenne

  • famyljeleden freegje (miskien wit dyn pake wol wat oer Abe Lenstra te fertellen?)

  • ...







Húswurk

Side 46:

  • bedenk over wie je de eindopdracht zou willen maken (let op: kies niet allemaal dezelfde!)

  • vul de voorbereidingsvragen in

  • bekijk alvast de keuze-opdrachten en kies er 1 uit als eindopdracht

Leardoelen

Nei dizze les:


  • hasto mear leard oer Redbad, kening fan de Friezen

  • witsto wêr'tst ynformaasje foar de einopdracht fine kinst

  • kinst oan it wurk mei de floch oer dyn Royal Fries