Sa as jimme sjen koene is taal in ûnderdiel fan kultuer, mar kultuer is ek de noarms en wearden, de tradysjes en gewoanten dy't in folk hat.
Jimme krije daliks tweintich stellingen.
Bist it iens mei de stelling giest oan de lofterkant fan it lokaal stean, net iens oan de rjuchterkant.
De dosint freget guon learlingen om harren beargumintaasje.
Der is gjin goed as fout. It giet der om datst dysels en dyn klasgenoaten better kennen learst troch oerienkomsten en ferskillen te sjen.